menu

namme

Dûnsjûn & dûnsaginda

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

Dûnsjûn

Begjinners en dûnsers dy't al mear ûnderfining hawwe dûnsje mei elkoar. Oan it begjin fan it nije seizoen wurdt der ekstra oandacht bestege oan it learen fan passen en figuren. Ofwikseljend wurde der ienfâldige en muoilike dûnsen dien, sadat sawol de begjinners as dejingen dy't al langer dûnsje plezier oan de dûnsjûnen belibje. Om ûngefear healwei njoggenen hâlde wy in koarte teepauze.


Dûnsaginda seizoen 2023-2024

Wy dûnsje op de tongersdeitejûn. De lessen binne fan 19.30 oant 21.30 oere.
Dit mei achtslaan fan ûndersteande data:

  •   7 septimber: Earste dûnsjûn
  • 19 oktober: Tema-jûn, hjerstbal oant 22.00 oere
  • 26 oktober: Gjin les y.f.m. hjerstfakânsje
  •   2 novimber: Lede-/jiergearkomste
  • 21 desimber: Krystbal
  • 28 desimber en 4 jannewaris: Gjin les y.f.m. krystfakânsje
  • 22 febrewaris: Gjin les y.f.m. foarjiersfakânsje
  • 25 april: Lêste les fan it seizoen.

De start fan it seizoen is yn 'e regel medio septimber, en it rint troch oant medio april.
De kontribúsje foar in jier komt op € 135,–.
Elts seizoen organiseare wy ien of meardere spesjale jûnen. Op sa'n spesjale jûn wurdt oan de hân fan in bepaald tema ekstra oandacht bestege oan folkloare, muzyk, sang en net te ferjitten hapkes en drankjes.
Ienkear yn 't jier, ûnder in dûnsles yn novimber, hâlde wy de algemiene ledegearkomste. Nei ôfrin geane wy wer dûnsjen. As it nedich is, skriuwe wy in ekstra ledegearkomste út.


Oersjoch fan de dûnsen

Om in yndruk te jaan hokker dûnsen wy allegearre dogge, in list fan de dûnsen fan de ôfrûne twa seizoenen.
Fan elke dûns binne wol fideo's te finen, almeast op YouTube.

2022-2023
Beleilot Hakayitz Hachamim – Israël
Athanasia – Grikelân
Geswoda – Poalen
Shantel – sigeuner
Mavilim – Turkije
Zabole la Dunina Golovka – Ruslân
Lioube – Ruslân – sigeuner
Julian's Jolly – New England
De Secerat – Roemeenje
The Castro Almaine – Ingelân
Hora de la Soroca – Roemeenje
Le retour des Grues – Roma/Bulgarije
Jiana de la Tilisca – Roemeenje
Hagan Habil Adi (Secret Garden) – Israël
Salute to Larry Jennings – Ingelân
Staro Erkechko Horo – Bulgarije
W moim ogrodecku – Poalen
Eshkolit – Israëlyske pearedûns
Hora de Mina – Roemeenje/Olteenje
Parov Yegar Siroun Yar – Armeenje
Jiana Lui Ana – Roemeenje
Hora tsup tsup – Roemeenje
Cantu cucu n Bucovina – Roemeenje
Markiz – Moldaavje
Dona – Bulgarije
Virginny mixer – N.-Amearika
Kevin's Jig – Ierlân
Amalie Polka – Dútslân
Cumajle – Nederlân
Oj maju maju – Oekraïne
Maístjarnan – Iislân
De Hazelaar – Nederlân
Rododaktylos – Grikelân
2021-2022
Ajšino oro – Albaanje
Aoleanul Fundu Pǎralui – Roemeenje
Arnautsko oro – Bulgarije
Ashun daje mori – Roma
Gaitanáki Rhódou – Grikelân
Hajde roatǎ mǎi flǎcǎ – Roemeenje
Hora Fetelor – Roemeenje
Hora mână de la Sadova – Roemeenje
Ja da Kalinushka – Ruslân
Kapuvari verbunc – Hongarije
Lashir lecha – Israël
Otkoga – Bulgarije
Pivna Jacoda – Ruslân
Pravo Rodopsko oro – Bulgarije
Seyu raassevayu – Ruslân
Şchioapa de la Vereşti – Roemeenje
Siriul – Roemeenje
Starodavny – Tsjechje
Tsamikos – Grikelân
Tu Romnie – sigeuner
Veselinovo oro – Bulgarije
Vosle sadu – Ruslân
Vrni še vrni – Masedoanje

foto   foto   foto
(klik op in foto foar in fergrutting)

footer1

footer2