Op 2 febrewaris 2019 fierden wy ús 40-jierrich jubileum.
It wie in prachtich feest wêr 't wy allegearre mei in protte nocht op weromsjen kinne.
It gâns tariedende wurk, mei in hiele protte wille en entûsiasme dien, soarge foar in hiel ûntspande jûn, dêr 't eltsenien folop genietsje koe.
Almei tank sij it entûsiaste spyljen fan orkest "Op Streek", de noflike meiwurking fan restaurant "De Koningshof", "Boonstra Bakkerij Heerenveen" en "Oenema Naaimachines" hawwe wy dit feest mooglik meitsje kinnen.
Wy wolle eltsenien dy 't in stientsje bydroegen hat oan ús prachtige jubileum hiel hertlik tankje!
De jubileumkommisje