Plannen om mear oan beweging te dwaan? Efkes de deistige dingen oan 'e kant en lekker
ûntspanne?
Dan is ús dûnsferieniging wat foar dy!
Táncház is in ynternasjonale folksdûnsferieniging in It Hearrenfean. Twa
kear yn 't jier wurdt der in iepen dûnsjûn hâlden om belangstellenden de
gelegenheid te jaan om yn 'e kunde te kommen mei de ferieniging.
Der is in grut oanbod fan dûnsen út ferskate lannen, lykas: Grikelân,
Ruslân, de Balkanlannen, Israël, Amearika, Frankryk ensfh. It binne
ôfwikseljend moaie bedêste dûnsen, mar ek pittige flugge dûnsen.
Begjinnend- of foardere dûnser, jong, âld, man, frou, allinne of in pear,
eltsenien is wolkom. It giet derom dat'st ûntspand en mei wille dwaande bist.
Der wurdt op tongersdeitejûn dûnse fan 19.30 – 21.30 oere yn de gymseal
by de Van Maasdijkskoalle yn It Hearrenfean.
Belangstellenden kinne 9 jannewaris ris komme te sjen en/of meidûnsje.