Iepen dûnsjûn tongersdei 12 septimber 2024

Foto

Táncház hâldt tongersdei 12 septimber in iepen dûnsjûn foar alle belangstellenden.

Táncház hâldt twa kear per jier in iepen jûn om belangstellenden yn 'e kunde komme te litten mei wrâlddûns.
Táncház biedt leden in grutte fariaasje oan dûnsen út in protte lannen, lykas Ingelân, de Balkanlannen, Grikelân, Israël.

Plak: het gymlokaal fan de Van Maasdijkskoalle oan de Van Beijma Thoe Kingmaweg 1 (by it sikehûs De Tjongerschans).
Dizze jûn is een fergeze lesjûn.
Belangstellenden binne fan herte wolkom om mei te dûnsjen.
Der binne dûnsen geskikt voor begjinnende dûnsers en der is oanbod foar mear betûfte dûnsers.
By Táncház giet it om it rekreatyf meiinoar dûnsjen. Eltsenien docht mei. Jongerein fan 16 jier ôf, âlderen, allinnichsteanden en pearen binne dêrom allegearre wolkom.
Yn it programma binne rêstige en ienfâldige dûnsen foar begjinners opnommen, mar ek pittige en flugge dûnsen foar de betûften.
De leden leare ek de dûnsen dy 't op de ferskate bals by Táncház en oare ferienigingen in protte dûnse wurde.

Elke tongersdeitejûn is der les, útsein yn de skoalfakânsjes. Dûnsûnderfining is net belangryk.
Mear ynformaasje: info@tanchazheerenveen.nl