menu

naam

Wolkom

foto
foto
foto

Táncház is in
ynternasjonale folksdûnsferieniging
yn It Hearrenfean.

Táncház is it Hongaarske wurd foar dûnshûs of dûnsfeest.
De ferieniging is oprjochte yn jannewaris 1979 en bestiet no dus al 45 jier!
Op ûntspande wize wurde de dûnsen oanleard. Dit alles ûnder deskundige lieding.
Wy leare dûnsen út West- en East-Europa, Israël, Grikelân, Amearika, Ruslân ensfh.
Stadige, flugge dûnsen, kring-, peare- en solodûnsen foar begjinners en trochsetters wikselje inoar ôf.

Wat makket ynternasjonale folksdûns sa leuk?

Ynternasjonale folksdûns is yn it earste plak in sosjaal barren. Yn bygelyks kring- en pearedûnsen meitsje je op in leuke manier kontakt mei elkoar, je fiele je opnommen yn de mienskip en it is foaral gesellich.
De muzyk en de dûnsen dy 't yn de rin fan de iuwen fan ferskillende kultueren út ûntstien binne, meitsje it ek noch ris ta in boeiend gehiel.
Mannichien dy 't in kear te sjen komt, docht in ferrassende ûntdekking: o, wat is dit dochs leuk!  😃
Dêr komt by dat dûnsjen in heilsume wurking hat: it besoarget minsken selsbetrouwen, se bewege makliker en it plezier yn dûnsjen en it kontakt mei oaren soargje der foar dat se better yn harren fel sitte. (!)
Oars as by oare dûnsfoarmen, giet it net om prestaasjes. Leeftydsgrinzen binne der ek net; tradisjoneel wurdt it troch jong en âld dien.
Begjinnend of betûfte dûnser, jong, âld, man, frou, allinnich of in pear, eltsenien is wolkom. It giet derom dat'st ûntspand en mei wille dwaande bist.
Koartsein, eltsenien kin meidwaan. Mitsdat'st teminsten in bytsje maatgefoel hast, en net al te houterich bist....

Meidwaan

Twa kear per jier, yn septimber en yn jannewaris, wurdt der in iepen dûnsjûn hâlden om belang­stellenden de gelegenheid te jaan om yn 'e kunde te kommen mei ús ferieniging.
Mar ek dêrbûten bist do fan herte wolkom om ris del te kommen om te sjen en mei te dwaan! Asto meidûnsje wolst, kinst dit alhiel frijbliuwend twa jûnen dwaan.
Op in ferieniging lykas dizze binne froulju trouwens altyd nochal yn de mearderheid; manlju binne dan ek fan herte wolkom!

Wêr en wannear

Us lessen hâlde wy yn it gymlokaal by de Van Maasdijkskoalle oan de Van Bijma Thoe Kingmawei 1 (by it sikehûs Tjongerschans) yn It Hearrenfean. Wy dûnsje elke tongersdei fan 19.30–21.30 oere, ynkl. teepauze.

Oanmelde

It is altyd mooglik om in kear del te kommen. Lit it ús tefoaren witte asto (bûten de iepen jûnen om) in kear komme wolst om te sjen. Underfining mei dûnsjen is net belangryk!
Oanmelde kin mei it kontaktformulier of troch it stjoeren fan in e-mail nei of nim telefoanysk kontakt op mei Femke de Jong, tel.nr. 06 10936924.
Dus kom ris del op de tongersdeitejûn!

N.B. Yn de gymnastykseal mei allinnich mei dûns- of gymskuon omrûn wurde.
Disclaimer: It dûnsjen is op eigen risiko.

flyer

foto
foto
foto

footer1

footer2

Valid CSS!