


Táncház is in
ynternasjonale folksdûnsferiening
yn It Hearrenfean.
Táncház is it Hongaarske wurd foar dûnshûs of dûnsfeest.
De feriening is oprjochte yn jannewaris 1979 en bestiet no dus al 46 jier!
Op ûntspande wize wurde de dûnsen oanleard. Dit alles ûnder deskundige
lieding.
Wy leare dûnsen út West- en East-Europa, Israël, Grikelân,
Amearika, Ruslân ensfh.
Stadige, flugge dûnsen, kring-, peare- en solodûnsen foar begjinners en
trochsetters wikselje inoar ôf.
Ynternasjonale folksdûns is yn it earste plak in sosjaal barren. Yn bygelyks kring-
en pearedûnsen meitsje je op in leuke manier kontakt mei elkoar, je fiele je
opnommen yn de mienskip en it is foaral gesellich.
De muzyk en de dûnsen dy 't yn de rin fan de iuwen fan ferskillende kultueren
út ûntstien binne, meitsje it ek noch ris ta in boeiend gehiel.
Mannichien dy 't in kear te sjen komt, docht in ferrassende ûntdekking: o, wat
is dit dochs leuk! 😃
Dêr komt by dat dûnsjen in heilsume wurking hat: it besoarget minsken
selsbetrouwen, se bewege makliker en it plezier yn dûnsjen en it kontakt mei oaren
soargje der foar dat se better yn harren fel sitte. (!)
Oars as by oare dûnsfoarmen, giet it net om prestaasjes. Do hoechst dan ek net
bang te wêzen dat it nivo foar dy te heech is. Ek al soest wat houterich yn dyn
bewegingen wêze, net ien dy 't der op let en nimmen dy 't it slim fynt....
Leeftydsgrinzen binne der ek net; tradisjoneel wurdt it troch jong en âld dien.
Begjinnend of betûfte dûnser, jong, âld, man, frou, allinnich of in
pear, eltsenien is wolkom. It giet derom dat'st ûntspand en mei nocht dwaande bist.
"Alles wat leeft, blijft in beweging. Internationale dans is een levende cultuur! Het speelt namelijk in op een essentiële menselijke behoefte: contact maken met andere mensen. Door samen te dansen voelen mensen zich verbonden met elkaar, met de magische muziek én de oorsprong van deze dansen: de verschillende culturen."
Caspar Bik
Twa kear per jier, yn septimber en yn jannewaris, wurdt der in iepen dûnsjûn
hâlden om belangstellenden de gelegenheid te jaan om yn 'e kunde te kommen mei
ús feriening.
Mar ek dêrbûten bist do fan herte wolkom om ris del te kommen om te sjen
en mei te dwaan! Asto meidûnsje wolst, kinst dit alhiel frijbliuwend twa jûnen
dwaan.
Op in feriening lykas dizze binne froulju trouwens altyd nochal yn de mearderheid;
manlju binne dan ek fan herte wolkom!
Us lessen hâlde wy yn it gymlokaal by de Van Maasdijkskoalle oan de Van Bijma Thoe
Kingmawei 1 (by it sikehûs Frisius MC, foarhinne Tjongerschans) yn It
Hearrenfean. Wy dûnsje elke tongersdei fan 19.30–21.30 oere, ynkl. in koarte
pauze.
It dûnsseizoen rint fan begjin septimber oant ein april.
It is altyd mooglik om in kear del te kommen. Lit it ús tefoaren witte asto
(bûten de iepen jûnen om) in kear komme wolst om te sjen. Underfining mei
dûnsjen is net belangryk!
Oanmelde kin mei it
kontaktformulier
of troch it stjoeren fan in e-mail nei
of nim telefoanysk kontakt op mei Femke de Jong, tel.nr. 06 10936924.
Dus kom ris del op de tongersdeitejûn!
De kontribúsje foar in jier komt op € 135,–.
N.B. Yn de gymnastykseal mei allinnich mei dûns- of gymskuon omrûn wurde.
Disclaimer: It dûnsjen is op eigen risiko.




